Protestkrús op strân Skylge

22 jun 2011 - 21:45

Besikers fan Oerol wurde oproppen om freedtemoarn in grut krús te foarmjen op it Griene Strân fan Skylge. De organisaasje fan it festival wol dit as protestaksje tsjin de kultuerbesunigings.

Ek wurdt op it strân de tekst 'Mars der Beschaving' makke. Fanút de loft wurde bylden makke fan it protest. Nei de aksje springe de besikers it wetter yn. Dizze symboalyske dûk nei Den Haach moat de ôftraap wêze fan in grut tal lanlike aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)