Protestaksjes troch húsdokters

08 jan 2001 - 12:03

Húsdokters hawwe in lanlike stakingsdei ôfkundige op 15 febrewaris. Se binne lilk dat der noch altyd gjin tasizzings binne foar fergoeding fan de praktykkosten. Boppedat is der neat dien oan ferleging fan 'e wurkdruk.

Sikefûnspasjinten krije fan 15 jannewaris ôf in rekken foar de behanneling. Se moatte it jild sels mar sjen werom te krijen fan de fersekering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)