Protestaksje 'Su het ut weest'

10 feb 2014 - 15:09

Ynwenners fan Snits ergerje har bûnt en blau oan de situaasje by de Ljouwerterdyk, Prins Hendrikkade, Easterdyk en Jousterkade. Se neame it ferpaupere hoekje in rottige kies.

De gebouwen op dizze hoeke binne foar in part fan de gemeente Súdwest Fryslân en foar in part fan wenningbouferiening Accolade. In groep Snitsers hat no in Facebookpagina makke mei de namme 'Su het ut weest' en in reklamebedriuw is in aksje begûn om omtinken te freegjen foar it ferpaupere hoekje. De Facebookpagina ha al mear as 2500 leden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)