Protest winkellju Balk

07 mrt 2011 - 13:46

De winkellju fan Balk fernuverje har oer it foarstel fan B en W om de winkelstrjitte fan it doarp yn de simmermoannen op freed, sneon en snein ôf te sluten foar auto's. It kolleezje fan Gaasterlân-Sleat wol Balk sa oantrekliker meitsje foar toeristen.

De winkellju yn Balk binne tsjin de ôfsluting. Boppedat sizze se dat ôfpraat wie om earst nochris mei elkoar om 'e tafel te sitten foar't in foarstel dien wurde soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)