Protest tsjin wynmûnen Hichtum

12 sep 2014 - 20:46

Aksjegroep Genoeg is Genoeg hat freed protestearre tsjin de komst fan in wynmûnepark by harren doarp Hichtum. It protest soarge foar in grimmitige sfear doe't foar- en tsjinstanners fan 'e wynmûneplannen tsjinoer mekoar kamen te stean.

De aksjegroep is lilk op in oantal leden fan it doarpsbelang dy't foar de komst fan 'e wynmûnen is. Neffens de aksjefierders moat doarpsbelang opkomme foar de bewenners fan Hichtum, mar dat soene se net dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)