Protest tsjin Vogelaarheffing

04 sep 2012 - 12:34
  • Eikenstrjitte yn Ljouwert

Tsien lytse Fryske wenningboukorporaasjes binne opnij nei de Rie fan Steat stapt oer de Vogelaarheffing. Sûnt 2008 moatte se miljoenen bydrage om achterstânswiken yn de grutte stêden te helpen. Dat fine se net terjochte, seit direkteur Aart Rekers fan Lyaemer Wonen op 'e Lemmer, ien fan de protestearjende wenningstiftings.

Mei noch fjirtich oare wenningstiftings kaarte se de kwestje no oan. De lytse wenningstiftings fine net dat sy der binne foar it opknappen fan Vogelaarwiken.

Boppedat tinke se dat de wenningstiftings yn dy wiken sels genôch jild hawwe. Heechterp-Skieringen yn Ljouwert is ien fan de Vogelaarwiken yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)