Protest tsjin tocht op snein

07 feb 2012 - 11:11

In Alvestêdetocht op snein is yn striid mei de bibel, seit Van der Sluis, foarsitter van de Nederlandse bevordering van de zondagsrust en zondagsheiliging. De feriening foar de sneinsrêst is dan ek tsjin de tocht op snein. Hy reagearret op de útspraak fan foarsitter Wiebe Wieling. Dy sei moandei dat as snein de ienige opsje is, it dan mar moat. Ek al fynt de feriening dat wol spitich foar alle minsken dy't 'm leaver net ride op in snein.

De feriening foar de sneinsrêst hat in protestbrief skreaun nei de feriening Friesche Elf Steden.

Yn de skiednis fan de Alvestêdetochten hat der noch nea in tocht op snein west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)