Protest tsjin sluting swimbad

12 des 2004 - 14:31

In protestaksje tsjin de sluting fan it swimbad 'De Boekhorst' yn Easterwâlde hat hast 3000 hantekens opsmiten. Moandei om 10.00 oere wurde de hantekens oerlange oan boargemaster Lesterhuis fan Eaststellingwerf.

It bestjoer fan de stifting swimbaden Eaststellingwerf kaam begjin novimber mei it advys om De Boekhorst te sluten. In nij swimbad yn Appelskea soe finansjeel better út kinne. Appelskea leit 10 kilometer fan Easterwâlde ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)