Protest tsjin sluting SNL

07 okt 2014 - 07:21

Pleatslik Belang Skylge is lilk om't de gemeente fan doel is it Sintrum foar Natuer en Lânskip (SNL) te sluten. It edukaasjesintrum moat fan it kolleezje op 1 jannewaris ticht. Oer trije jier soe yn de Tonnenloads in ferfangend sintrum iepene wurde yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. De earste petearen dêroer binne al fierd, mar dat duorret Pleatslik Belang te lang.

Boppedat fynt de partij dat it net kin dat de toeristebelesting omheech giet en de foarsjennings hieltyd minder wurde. De VVV en ûndernimmersferiening op Skylge binne ek tsjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)