Protest tsjin sluting finzenis

26 nov 2012 - 11:06
  • Het Poortje yn Grins

De ûndernimmingsried fan de finzenis yn Ljouwert is tsjin de sluting fan 11 fan de 29 finzenissen yn ús lân. Alle ûndernimmingsrieden fan de noardlike finzeniskompleksen ha moandeitemoarn byinoar west yn Assen. De UR fan Ljouwert wol wol meiprate oer besunigings, mar de sluting fan in tredde fan alle ynrjochtings en it ferlies fan tûzenen arbeidsplakken is net akseptabel. Kommende woansdei gean peronielsleden nei De Haach om te protestearjen tsjin de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)