Protest tsjin ranchwenten

20 nov 2010 - 14:19
  • It gebiet fan It Paradyske (foto: Jitske de Hoop, Omrop Fryslân)

Bewenners fan It Paradyske hawwe in belangegroep oprjochte om grutte ranches tusken Kollum en Bûtenpost op te kearen. De gemeenten Achtkarspelen en Kollumerlân wolle yn it gebiet mei in projektûntwikkeler fyftich grutte ranchwenten delsette foar hynstehâlders. Se krije in bunder grûn mei plak foar bygebouwen. Der moatte fierders mienskiplike foarsjennings komme lykas in maneezje.

Neffens de bewenners bliuwt der dan neat fan it gebiet oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)