Protest tsjin plannen swimbad

06 jun 2010 - 12:48

Swimklup ZPD Dantumadiel komt yn opstân tsjin de foarnommen sluting fan swimbad de Frosk yn De Westereen. Tiisdei 15 juny hâlde de leden fan de swimklup en oare gebrûkers fan it swimbad in protestdemonstraasje by it gemeentehûs yn Damwâld.

De klup is lulk oer it foarnimmen fan de gemeente Dantumadiel om swimbad de Frosk mei yngong fan takom jier te sluten. De Frosk wurdt alle dagen brûkt foar ûnder oare swimlessen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)