Protest tsjin peilferheging

03 jun 2009 - 12:16
  • Hylpen oan de Iselmar

De provinsje, it Wetterskip en de gemeenten dy't oan de Iselmar lizze, protestearje meielkoar tsjin de foarnommen wetterpeilferheging yn de Iselmar. De needsaak fan sa'n ferheging moat earst better ûndersocht wurde, fine se.

It Ryk wol it wetterpeil yn de Iselmar ferheegje, omdat der yn de takomst troch klimaatferoarings mear ferlet is fan swiet wetter. Mar in heger wetterpeil hat hiel wat gefolgen foar de stêden en doarpen oan de kust.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)