Protest tsjin optreden Israëli's

24 aug 2006 - 09:09

De wurkgroep Hearrenfean-Palestina sil sneon aksjefiere by in optreden fan in Israëlyske bernedûnsgroep. De groep sil optrede yn it sintrum, mar de wurkgroep fynt dat dit net kin. Neffens in wurdfierder wol de gemeente Hearrenfean besykje om mei it optreden it imago fan Israël te ferbetterjen.

De gemeente fernuveret him oer dy suggestje. Hearrenfean hat al 40 jier in freonskipsbân mei Rishon le Zion, dêr't de dûnsgroep weikomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)