Protest tsjin nije lûdsnoarm

23 feb 2010 - 21:27

In tal âldere ynwenners fan de binnenstêd fan Ljouwert protestearje tsjin de plannen fan de gemeente om mear lûd ta te stean by iepenloftkonserten.

Se sizze in soad lêst te hawwen fan it lûd. Dat die tiisdeitemiddei bliken by in harksit fan de gemeente Ljouwert. De gemeente wol de lûdsnoarm yn guon gefallen ferheegje fan 75 nei 85 desibel. De âlderein wol mooglik dat de Hoge Raad dit tsjinhâlde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)