Protest tsjin lûde tsjerke

05 sep 2006 - 21:35

Yn Ljouwert is ferset tsjin de oerlêst fan 'e evangelyske Salvator-tsjerke. De tsjerke oan de Archipelwei begjint sneintemoarns foar njoggen oere mei kloklieden. No binne der ek plannen om tenei fiif kear deis, de hiele wike, kristlike boadskippen en muzyk mei lûdsprekkers yn 'e toer oer de buert skalle te litten. De anonime aksjegroep Stop de Klokken ropt op in ynternetsite buertbewenners op om in protestlist te tekenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)