Protest tsjin kokkelfiskerij

14 jan 2004 - 00:00

Leden fan de Sosjalistyske Partij ha woansdei yn Frjentsjer demonstreard tsjin de kokkelfiskerij op it Waad. Yn hotel De Valk hie it ministearje fan Lânbou in gearkomste oer de takomst fan de sektor.

Op de gearkomste waard ûnder mear praat oer in nij rapport dêr't yn stiet dat de kokkelfiskerij tige skealik is foar it Waad. De útkomsten fan de gearkomste wurde meinaam yn nij fiskerijbelied, dat yn maaie klear wêze moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)