Protest tsjin keunstbesuniging

08 nov 2010 - 14:06
  • It Waachplein yn Ljouwert

Ljouwert docht ek mei oan 'e lanlike aksjedei tsjin de besunigings op keunst en kulteur op 20 novimber. Op it Waachplein is dan in manifestaasje.

Trije optochten út ferskate rjochtings wei komme op it plein gear by in spesjaal makke keunstwurk. It is in soart keunstbeam dêr't elkenien in attribút yn hingje kin. Dat kin bygelyks gean om in skilderij, in muzykynstrumint of in fototastel. De attributen moatte sichtber meitsje wat allegearre fuortbesunige wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)