Protest tsjin Intratuin Drachten

14 feb 2004 - 00:00

De bou fan in nije festiging fan Intratuin by Drachten rint mooglik fertraging op. Tsien húseigners út it buorskip Nijtap by Drachten wolle der nammentlik alles oan dwaan om de bou fan it megatúnsintrum tsjin te hâlden.

Intratuin komt lyk foar de huzen fan de minsken. Se binne benaud foar in protte oerlêst. Dêrneist stiet it jildende bestimmingsplan de komst fan in grutte winkel net ta, sa sizze de bewenners. Der is protest yntsjinne by de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)