'Protest tsjin hotel súkses'

24 jan 2006 - 09:38

De protestaksje tsjin de oanlis fan in Van der Valkhotel by it Rasterhoffpark yn Snits hat in súkses west. Dat seit de organisaasje, de Fûgelwacht yn Snits. Op it protest kamen snein sa'n 250 minsken ôf. Sy koene sjen hokker stikken bosk wike moatte foar hotel en dyk en beswierskriften meinimme.

Snits en Van der Valk binne it iens wurden oer in hotel mei 150 keamers by it park. De Fûgelwacht is benaud foar skea oan de floara en fauna yn it park.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)