Protest tsjin heger syktejild

09 jan 2003 - 00:00

De protestaksje fan 'e SP tsjin de ferheging fan de sikefûnspreemje hat oant no ta 3000 reaksjes opsmiten. De partij dielde kaarten út dy't minsken ûndertekenje kinne. De hantekens wurde letter oanbean oan de minister fan Sosjale Saken.

De Friesland Soarchfersekerder hat noch net folle klachten krige oer de ferheging. Dat komt om't De Friesland by de fiif goedkeapsten fan Nederlân heart, seit de direkteur Feenstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)