Protest tsjin fokferbod

08 des 2012 - 10:57
  • Nertsen

Mei in paginagrutte advertinsje yn fakblêd Boerderij prostearje pelsdierhâlders tsjin it oansteande ferbod op it fokken fan bisten foar it fel. It ferbot is al troch de Twadde Keamer goedkard, mar meikoarten giet de Earste Keamer der noch oer te set.

Neffens de fokkers wurdt mei it ferbod in sûne sektor de nekke omdraaid, wêrfan de sanearring Nederlân hûnderten miljoenen euro's kostet. Dat basearje de fokkers op rapporten fan ûnder mear it Lânbou-ekonomysk Ynstitút. Nertsefokker Piet Blanken fan Rinsumageast docht ek mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)