Protest tsjin finzenis Morgan

20 okt 2010 - 10:53

Biste-organisaasjes protestearje tongersdei tsjin de finzenskip fan Morgan. De orka sit yn it Dolfinarium yn Hurderwyk. Wittenskippers wolle earst de famylje fan de orka fine, foardat dy frijlitten wurdt. Aksjefierders lûke de ûnôfhinklikheid fan dy wittenskippers yn twifel.

In wurdfierder seit dat der mooglik kommersjele belangen meispylje. De jonge orka is yn juny yn de Waadsee fûn. It ministearje fan lânbou beslút úteinlik oft Morgan wer frijkomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)