Protest tsjin fergunning Atoglas

20 jun 2001 - 00:00

Bewenners fan 'e Ljouwerter Oranjewyk sille tongersdei by de provinsje protest oantekenje tsjin de nije miljeufergunning fan it bedriuw Atoglas. Neffens de bewenners jout it bedriuw stank- en lûdsoerlêst. Boppedat soe it bedriuw giftige stoffen útstjitte.

De bewenners easkje dat de provinsje neier ûndersyk docht nei de risiko's en it hanthavenjen fan de miljeuregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)