Protest tsjin Drachtsterfeart

10 jun 2013 - 14:12
  • Einde fan de feart by it Carillion

In groep ûndernimmers oan it Mûnein yn Drachten hat moandeitemoarn in boargerinisjatyf mei 400 hantekens oanbean oan boargemaster Van Bekkum fan Smellingerlân. Se wolle dat de Drachtsterfeart 70 meter koarter wurdt as yn de plannen fan de gemeente stiet. Neffens de ûndernimmers is der oars net genôch romte foar frachtweinen om de winkels oan it Mûnein te befoarrieden.

Neffens boargemaster Van Bekkum sil de ried dizze moanne beslute oft der op 'e nij praat wurde sil oer de plannen fan de Drachtsterfeart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)