Protest tsjin Dankert en Dankert

30 nov 2005 - 10:32

Neibesteanden fan in slachtoffer fan ferpleechkundige Martha U. ha grutte muoite mei dramasearje Dankert en Dankert. Martha U. waard feroardiele foar moard op fjouwer bewenners fan in ferpleechhûs. Sy waard ferdigene troch de bruorren Anker.

Yn it ferhaal 'De swarte ingel' wurdt in saak behannele dy't liket op de saak fan Martha U. Haadredakteur Snijder fan Omrop Fryslân seit dat er begrip hat foar de emoasjes fan de neibesteanden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)