Protest tsjin beammekap

22 sep 2014 - 21:29

De kap fan 150 abeeljes yn de Ljouwerter Bosk moat opkeard wurde. Dat fynt de PvdA-fraksje yn de gemeente Ljouwert. Yn 'e bosk is úteinset mei it fuortheljen fan beammen dy't by de stoarm fan ferline jier skea oprûn hawwe of omwaaid binne. De gemeente wol de measte beammen opromje om dan wer nije te plantsjen. Sa ek de beammen dy't oan de Fjouwerhústerwei stean.

Omwenners fine de maatregel fierste yngripend om't it byldbepalende beammen binne. De PvdA wol dat de gemeente op 'e nij nei de beammekap sjocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)