Protest SW-Fryslân by Ryk

03 nov 2008 - 15:35

Acht gemeenten yn 'e Súdwesthoeke protestearje by de Twadde Keamer tsjin de foarnommen besuniging fan steatssiktaris Bussemaker op de soarch. De gemeenten binne bang dat ynwenners fan de Súdwesthoeke dy't nei 1 jannewaris ferlet ha fan soarch net mear foar in fergoeding fan it Ryk yn oanmerking komme.

De gemeenten moatte dan de kosten op har nimme. De acht gemeenten ha de Twadde Keamer frege de maatregel út te stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)