Protest skipsbou yn Den Haach

06 apr 2004 - 00:00

Wurknimmers fan skipswerven yn Nederlân demonstrearje tiisdei yn Den Haach. De skipsbouwers wolle by minister Brinkhorst fan Ekonomyske Saken subsydzje loskrije foar har bedriuwen.

De skipsbou mei fan de Europeeske Uny subsidiearre wurde, mar minister Brinkhorst is dêr gjin foarstanner fan. Hy fynt dat de sektor himsels rêde kinne moat. Moandei hat Brinkhorst nei in petear mei de sektor lykwols tasein te besykjen jild beskikber te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)