Protest by 'The Passion'

01 apr 2004 - 00:00

By de Fryske premiêre fan 'The Passion of the Christ' yn Ljouwert wie tongersdei fuortendaliks protest. De kristlik griffermearde besinningskring warskôget foar de film, dy't neffens de kring 'te grouwélige' sênes befettet.

De film luts tongersdeitemiddei noch net in soad folk, mar de foarstellings fan dit wykein en benammen no snein, as it palmpeaske is, binne útferkocht. Oare kristlike groepearrings, lykas de baptisten, binne posityf oer de film.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)