Protest-moadeshow by Kooistra

01 mrt 2012 - 12:27
  • Kooistra kleding Winschoten

FNV Bondgenoten organisearret freed in moadeshow by de festiging fan Kooistra Kleding yn Appingedam. It giet om in protest tsjin it ûntslach fan acht wurknimmers fan de kleanwinkel. Neffens FNV Bondgenoten krije dy dien, omdat se lid binne fan it fakbûn en opkamen foar har rjochten.

Neffens de direksje fan Kooistra Kleding wurde de acht ûntslein omdat it net goed giet mei de winkel. By de moadeshow wurdt oproppen in petysje te tekenjen tsjin it ûntslach. Yn Fryslân hat Kooistra fiif kleanwinkels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)