Protest kokkelfangst mei hân

16 aug 2006 - 14:49

GrienLinks yn de Steaten komt yn aksje tsjin it kokkelfiskjen mei de hân. De meganyske kokkelfiskerij op de Waadsee is ferline jier ferbean. It simpelere mei de hân-fiskjen mei noch wol.

Lânbouminister Veerman wol no tsien ekstra fergunnings ôfjaan. Dy komme dan boppe-op de 20 al besteande tasizzings. Fraksjefoarsitter Van der Bles fynt dat nuver, want it is noch net bekend wat de gefolgen foar de natuer binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)