Protest froulju SC Hearrenfean

16 apr 2011 - 17:15

De froulju fan Sportklup Hearrenfean protestearje tsjin it beslút fan de direksje om op te hâlden mei it frouljusfuotbal. Dat dogge se by de bekerwedstriid (heale finale) tsjin ADO Den Haach.

Guon spylsters hawwe it logo fan Hearrenfean op har shirt ôfplakt en se hawwe spandoeken makke. De teksten dêrop lige der net om: 'Directie: respectloos, harteloos', 'Geld?! Wat is de echte reden directie?' en 'Vrouwen weg, directie weg!.'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)