Protest FC Grins-supporters

30 jan 2011 - 12:20

Supporters fan FC Grins binne fan doel snein mei hûndert auto's hiel stadich oer de A7 nei It Hearrenfean te riden. De supporters wolle sa protestearje tsjin de beslissing fan de gemeente om in autokomby by de wedstriid fan SC Hearrenfean ferplicht te stellen.

De supporters moatte har op tiid melde en hawwe gjin tiid om it Feanster sintrum yn te gean. De supportersferienings fine dat de besikers fan de wedstriid dêrtroch te bot yn har frijheid beheind wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)