Protest fan reklassearring

08 sep 2003 - 00:00

As de besunigings by reklassearring trochgean, sille yn Fryslân tweintich fan de fyftich wurknimmers har baan ferlieze. Fryslân kin dan ynstee fan 1000 noch mar 200 plegers fan delikten begeliede. De meiwurkers meitsje harren soargen oer de konsekwinsjes.

Lanlik steane in pear hûndert banen faai. Om dat op te kearen binne reklassearringsamtners moandei mei in tocht troch Nederlân begûn. Ljouwert wie moandei ek oan bar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)