Protest fan FNP

28 feb 2003 - 00:00

Fraksjefoarsitter Posthumus fan de FNP yn Ljouwert komt net nei de sitting fan de kommisje Bestjoer & Middels. Dy fynt plak yn it Stadhouderlijk hof. Dy lokaasje fynt Posthumus te djoer. Boppedat is ôfpraat dat gearkomsten safolle mooglik yn eigen hûs plakfine.

In oare reden foar de ôfsizzing is dat der geheim oerlis wêze soe. De FNP is dêr op tsjin. De stikken foar dat ûnderwerp hat Posthumus werombrocht, sûnder se lêzen te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)