Protest Caparis yn Den Haag

17 feb 2011 - 09:55

Meiwurkers fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis binne tongersdei mei bussen Den Haach ôfreizge om aksje te fieren. Se binne lilk op it kabinet. Dat wol de sosjale wurkfoarsjenning bot ynkrimpe. Sa komt der gjin salarisferheging en sil de cao net jilde foar nije wurknimmers.

By Caparis wurkje minsken mei in arbeidshendikep. Se wolle graach wurkje, mar rêde it net sûnder wat help. Der wurkje 2500 minsken en nochris 500 stean op de wachtlist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)