Protest by Blokhûspoarte

16 jan 2002 - 00:00

Ljouwert ferset him tsjin sluting fan de Blokhûspoarte. De gemeente hat mei minister Korthals belle om it beslút te kearen. It ministearje makke tiisdei bekend dat it Hûs fan Bewar ticht moat. Mooglik krije de 100 meiwurkers dien.

De PvdA-fraksje yn de Twadde Keamer is ferbjustere, krekt om't der in tekoart oan sellen is. CDA en VVD stypje de PvdA om de finzenis iepen te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)