Protest besunigings natuer

11 feb 2011 - 20:25
  • Skiep as aksjemiddel

Ferskate natuerorganisaasjes wolle mei publyksfreonlike aksjes Friezen oproppe om op 2 maart 'grien' te stimmen by de steateferkiezings. De organisaasjes meitsje har grutte soargen oer de besunigingsmaatregels dy't it kabinet oankundige hat. Se wolle dêr dan ek tsjin protestearje.

Dat dogge se troch ûnder oare takom wike sneon mei in keppel skiep troch Ljouwert te rinnen. Nije wike snein is der fan alles te dwaan yn Bakkefean en Oranjewâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)