Protest beppe by rjochtbank

15 jan 2001 - 16:26

Frou Kooijmans fan Skylge jout de striid net op om har beide beppesizzers werom te krijen. Sûnt de dea fan har dochter, twa jier ferlyn, hie se de bern yn 'e hûs. De Egyptyske heit hat se lykwols meinommen nei syn eigen lân en dat mei fan de rjochter.

Frou Kooijmans sil no alle 15e fan 'e moanne foar de rjochtbank yn Ljouwert protestearje te begjinnen by febrewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)