Protest âlden by Comenius

14 apr 2010 - 12:55

In pear lilke âlders hawwe woansdei protesteard by it skoalgebou fan Comenius yn Ljouwert. Se binne lilk om't har soannen noch hieltyd fêst sitte yn de plysjesel.

Moandeitemoarn waarden fjouwer Ljouwerter learlingen fan de vmbo-skoalle arresteard op fertinking fan it stellen fan inkele tûzenen euro's út de kas fan de kantine. De fertochten binne tusken de 14 en 16 jier âld. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)