Protese-moadeshow yn MCL

29 okt 2004 - 10:51

Yn it ramt fan de boarstkankermoanne wie der tongersdeitemiddei in spesjale moadeshow yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Nei in boarstamputaasje kinne je net alles mear oan ha en wurdt it finen fan leuke klean in stik lestiger.

It publyk krige ûnderguod, badmoade en oare klean te sjen, wêryn net opfalt dat in frou in protese hat. Ien op de njoggen froulju hat boarstkanker. Net altyd wurdt in boarst amputearre, mar as dit wol bart betsjut it faak in klap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)