Prositúsjesaken Weaze ticht

15 sep 2014 - 12:06
  • Argyffoto De Weaze

Boargemaster Crone fan Ljouwert hat twa prostitúsjesaken oan De Weaze sletten. De reden is dat út tafersjoch fan de gemeente bliken dien hat dat beide bedriuwen harren net oan de wet hâlde. By ien fan de saken wie in frou fan ûnder de 21 jier oan it wurk. By it oare bedriuw wie meardere kearen gjin behearder oanwêzich.

De beide saken gean fan moandei ôf oan in moanne lang op slot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)