Proses yn saak Tingen begûn

29 jun 2000 - 11:56

Woansdei begûn yn Ljouwert it proses oer de moard op Risanne Tingen. De fertochte Angelique van E. ûntkent der wat mei fan dwaan te hawwen.

Justysje hat inkeld yndirekt bewiis, lykas in tsjûgeferklearring. Der is in rekonstruksjefilm toand. De âlden lieten in slachtofferferklearring foarlêze. De sitting duorret wierskynlik langer as de plande twa dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)