Proses-ferbaal apteek Akkrum

10 des 2010 - 14:45

De Kringapteek Mid-Fryslân yn Akkrum mei net mear as folweardige apteek funksjonearje. Der meie allinne noch medisinen útjûn wurde wêrfan't de resepten earne oars ferwurke en klearmakke binne. De ynspeksje foar de sûnenssoarch hat dat besletten om't de pasjinten oars in risiko rinne soene.

By in ûnoankundige besite die bliken dat yn de fêstiging gjin apteker wurket en der wiene ek in soad genêsmiddels dy't oer datum wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)