ProRail wol better mei Arriva

04 des 2007 - 11:51

Spoarbehearder ProRail sil alles op alles sette om de ferhâlding mei ferfierder Arriva te ferbetterjen. Dat hat in wurdfierder witte litten. Arriva driget in kontrakt mei ProRail net te ûndertekenjen. De behearder wurket te traach mei oan ferbetterings fan it spoar. It giet dan bygelyks om oanpaste tsjinstregelings en hegere perrons, is Arriva fan betinken.

As it kontrakt net tekene wurdt, kinne de treinen fan takom wike ôf net ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)