"ProRail mei net slope"

18 feb 2011 - 07:09

ProRail moat ophâlde mei de sloop fan it lêste autentike stikje spoar fan it Dokkumer Lokaaltsje. Dat skriuwt de keamerfraksje fan de ChristenUnie yn in brief oan minister Schultz van Haegen fan ynfrastruktuer.

De ChristenUnie wol witte wêrom't Prorail it spoar sloopt, wylst der plannen binne om it Dokkumer Lokaaltsje nij libben yn te blazen. Sa soe der in spesjale fytsrûte komme tusken Stiens en Jelsum, om de plannen te promoatsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)