ProRail ek fout by Starum

11 aug 2010 - 08:30

Spoarbehearder ProRail hat tusken 2006 en 2009 sels warskôgingsbuorden lâns it spoar nei Starum fuorthelle. Neffens in wurdfierder is dat dien om't de buorden der dûbel stiene. De oanpassing stie noch net op de kaarten dy't de masinisten krije.

Dochs kin dit neffens ProRail net de oarsaak wêze fan it ûngemak mei de wurktrein ein july. De masinist hat meardere buorden mist. Op de kaart stie ek dat it spoar by Starum ophâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)