Prorail djoerder; de trein ek

22 okt 2010 - 14:32

Foar Fryske reizgers wurdt it mooglik djoerder om mei de trein te gean. Ferfiersmaatskippijen moatte elts jier betelje oan Prorail om op it spoar ride te meien. It kabinet wol dat dy fergoeding mei 20 % omheech giet.

Omdat ferfierders dit bedrach net betelje kinne, bestiet de kâns dat treinreizgers mear betelje moatte foar in kaartsje. Neffens deputearre Adema moat der mear konkurrinsje komme by it ûnderhâld fan it spoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)