Pronkriden wol op Unescolist

24 nov 2012 - 14:55
  • Pronkride
  • Ard Schenk

It pronkriden krijt mooglik in plakje neist de Flamenco út Spanje en it Drakeboate Festival fan Sina. De tradisjonele sport wol nammentlik gading meitsje nei in plakje op de list mei ymmaterieel erfgoed fan de UNESCO. Om dat foarinoar te krijen binne se úteinset mei in kampanje, mei reedrydheld Ard Schenk foarop as ambassadeur. Sneontemoarn wie der in clinic pronkriden om de sport oan de man te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)